Mienskipsdei op it reaklif

De Warnsbetinking/Fryske Mienskipsdei is op sneon 28 septimber o.s. om 13.45 oere op it Reaklif. It tema foar dit jier is “Mear-taligens?”.

Spreksters binne: Joana Duarte, lektor meartaligens oan de NHL-Stenden en Rianne Blokzijl, dosinte Frysk oan it Ljouwerter Lyceum.

Jan Nota (Penjum) en Gezina van der Zwaag (Gytsjerk) sille harren eigen lieten sjonge en it korps fan De Gaastmar û.l.f. Guus Pieksma wurket ek mei. Nei ôfrin is der in noflike neisit yn “De Spylder” yn Warns.

Foar mear ynformaasje:

Tom Dijkstra, Itens

Tel. 0515 – 336818.

Sluit Menu